Nije biste-ambulânse Ljouwert

In part fan 'e frijwilligers tusken de âlde en de nije ambulânse
De diere-ambulânse yn Ljouwert hat freed in nagelnije ambulânse yn gebrûk naam. De bus hat goed 46.000 euro koste, mar dêrfoar sitte der dan ek de nijste snufkes yn. De frijwilligersorganisaasje hat de ambulânse yn brûklien krige fan de Stifting Dierenlot.
De diereambulânse yn Ljouwert hat dit jier folle mear frijwilligers as yn it ferline. Der is sels in tydlike frijwilligersstop. Der binne no tusken de 32 en 40 frijwilligers.