Priis foar Accell Group

27 nov 2009 - 11:33

De Accell Group op It Hearrenfean hat yn Amsterdam in priis krige fan de Vereniging van Effectenbezitters VEB. Op de 31e dei fan de belizzer krige René Takens fan Accell it Blauwe Bord. Dat is in priis foar de organisaasje dy't de meast oansprekkende bydrage levere oan de belangen fan Nederlânske oandielhâlders. De produsint fan ûnder oare Batavus en Sparta is de lêste jierren bot groeid en dêrtroch in goede belizzing. Ek yn dizze resesje docht Accell it goed.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)