Johan Groote nije trener Snits

Johan Groote
Johan Groote wurdt mei yngong fan takom seizoen de nije trener fan sneinshaadklasser Snits Wyt Swart. Hy wurdt de opfolger fan Inne Schotanus dy't koartlyn oanjoech dat er der nei dit seizoen mei ophâldt.
Groote is no coach fan 'e Ljouwerter Sweltsjes. Fierders wurket er as haad skouting en analitikus by Cambuur. Dêr hâldt er nei dit seizoen mei op. It is it doel dat Groote him by Snits net allinnich mei it earste alvetal bemuoit, mar ek mei de jeugdoplieding.