Hoveniers helpe plysje

27 nov 2009 - 10:12

Meiwurkers fan in túnbedriuw ha de plysje holpen mei it oplossen fan stellerij fan benzine op It Hearrenfean. In Hearrenfeanster (39) hie tiisdeimiddei tankt sûnder te beteljen. Meiwurkers fan it stasjon oan de Oranje Nassaulaan bellen 112 en joegen it kenteken troch.

De plysje frege de túnmannen om nei de auto út te sjen. Doe't de man letter foarbyriden kaam warskôgen se de plysje. Op it buro bekende de man dat er earder ek al benzine stellen hie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)