Dit jier gjin Lutinepriis

27 nov 2009 - 09:39

De Skylger Lutinepriis wurdt dit jier net útrikt. Neffens de sjuery binne der gjin wurken ferskynd dy't foar de priis yn 'e beneaming komme. De Lutinepriis wurdt sûnt 1970 yn prinsipe alle jierren útrikt troch de gemeente Skylge oan de skriuwer fan in publikaasje dêr't Skylge yn sintraal stiet. It komt wol faker foar dat de priis net útrikt wurdt.

Earder is ôfpraat dat de priis allinnich útrikt wurdt as der kwalitatyf goede oanmeldings binne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)