Fûle brân yn sintrum Boalsert

It fjoer wie rap ûnder kontrôle (foto: Jaring Rispens)
De brânwacht fan Boalsert moast tongersdeitejûn útride foar in brân yn in histoarysk gebou yn it sintrum fan 'e stêd. De brân begûn yn 'e sauna op de earste ferdjipping yn in wente oan de Grote Dijlakker. Omdat it hûs yn tichtbeboud gebiet stiet, waard opskaald nei middelbrân. Om it fjoer goed bestride te kinnen waard ek in heechwurker ynset. De brân wie dêrnei rap ûnder kontrôle.
Troch de skea koene de bewenners net werom nei hûs.