Hearrenfean ferliest fan AZ

Sheria Spitse oan 'e bal yn 'e wedstriid tsjin AZ (foto Martin de Jong)
De fuotbalfroulju fan SC Hearrenfean binne der opnij net yn slagge te winnen. Op it keunstgersfjild fan Snits Wyt Swart waard mei 2-0 ferlern fan koprinner en twafâldich lânskampioen AZ. Hearrenfean stiet ûnderoan mei ien punt út fiif wedstriden. Yn al dy wedstriden hawwe de Feanfroulju net ien kear in doelpunt makke.
De wedstriid waard op it keunstgers yn Snits spile omdat de eigen fjilden net te bespyljen wiene.