Bank wol súkses klimaattop

26 nov 2009 - 20:33

De Friesland Bank ropt de dielnimmers oan de klimaattop yn Kopenhagen op om fan de konferinsje in súkses te meitsjen. Mei nochris tsien oare Nederlânske finansjele ynstellings seit de bank te hoopjen op in 'robúst, tarikkend klimaatferdrach'.

De oerheid wurdt oproppen flink te ynvestearjen yn duorsume enerzjy. De banken sels wolle dan mear omtinken jaan oan de finansiering fan en yn duorsume enerzjy.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)