Cowhouse sponsor reedrydsters

26 nov 2009 - 14:55

It Harkemaster bedriuw Cowhouse wurdt sponsor fan in reedrydploech. It giet om de ploech fan coach Jan Martien van de Wetering dy't earder sponsore waard troch de DSB-bank. Yn de ploech sit ek Maria Sterk fan Hallum. It kontrakt jildt foar de rest fan it seizoen.

In dochtermaatskippij fan Cowhouse, Horsehouse, wurdt yn dy perioade de nije sponsor fan de langebaanrydsters Elma de Vries en Janneke Ensing. Dy waarden earder sponsore troch Jaap.nl, in ûnderdiel fan de DSB-bank.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)