Waadsintra op fêste wâl

Harns wol ek in Waadsintrum
Waadtoeristen hoege net mear mei de fearboat nei de eilannen ta. Ek oan de fêste wâl is aanst genôch te belibjen. By alle trije plakken dêr't de fearboat rjochting Waadeilannen giet, binne plannen foar Waadsintra.
De gemeente Harns en partikulieren yn Holwert hawwe al plannen en dêr komt no ek Lauwerseach by. De provinsje Grinslân hat Zodiac Zoos en buro Oranjewoud frege in helberheidsûndersyk út te fieren nei in wetterpark.