Wer probleem Drachtsterbrêge

26 nov 2009 - 11:44

In man yn 'e war wie tongersdei de oarsaak fan it blokkearjen fan de Drachtsterbrêge yn Ljouwert. De man skarrele al in skoft om op de busbaan en wie troch de brêgewachter frege om fierder te rinnen.

Op it stuit dat de brêgewachter út de Van Harinxmabrêge wei de bomen by de Drachtsterbrêge sakje liet, seach er dat de man derûnder trochgie. De brêgewachter sette doe de proseduere fuortdaliks stil.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)