Botsing mei drank en drugs

26 nov 2009 - 10:21

In 31-jierrige automobilist út Ljouwert moast woansdei syn auto en rydbewiis ynleverje omdat er tefolle dronken hie en tsjin in parkearde auto opbotst wie. Dat barde yn de Prinses Irenestrjitte yn Harns.

Op it buro fûn de plysje ek noch softdrugs by de man. Hy hat proses-ferbaal krigen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)