Ynbraak garaazje Akkrum oplost

26 nov 2009 - 10:08

Mei de oanhâlding fan in 39-jierrige man út Vught hat de plysje in ynbraak by in garaazjebedriuw yn Akkrum oplost. De fertochte waard al op 16 oktober oppakt en sit noch hieltyd fêst. By de ynbraak waarden ûnder oare jild en in auto stellen.

In pear dagen letter seagen plysjes de stellen auto riden by Purmerend. De bestjoerder en syn passazjier waarden oanholden en foar ferhoar oerbrocht nei Fryslân. De passazjier hie neat mei de saak te krijen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)