Sportyf Knooppunt De Jouwer

26 nov 2009 - 09:53

Skarsterlân kin los mei it Sportief Knooppunt Joure. Yn dat plan komt in nije sporthal op it plak fan de bûtenbaden fan swimbad De Stiennen Flier. De bûtenbaden wurde sloopt en it swimbad sels krijt in grutte opknapbeurt.

Tusken De Stiennen Flier en de sporthal komt in nij gebou mei in mienskiplike yngong. Dêr komt hoareka yn. Der komt ek in wetterboartersplak. De plannen kostje acht miljoen euro. De ried is woansdei akkoart gien.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)