'Bewiis goed gedrach fergees'

Bewizen fan goed gedrach foar frijwilligers dy't fia in reyntegraasjetrajekt binnenkomme by ynstellingen, moatte troch de gemeente betelle wurde. Dat fynt de gemeenteriedsfraksje fan it CDA yn Ljouwert. De partij hat hjir fragen oer steld oan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders.
Frijwilligersorganisaasjes binne in soad jild kwyt oan bewizen fan goed gedrach. Dy kostje dik 30 euro it stik.