Strangere regels jeugdketen

26 nov 2009 - 06:30

De fyftjin jeugdketen yn de gemeente Wymbritseradiel moatte fan 1 jannewaris ôf foldwaan oan in grut tal regels om noch bestean te bliuwen. Sa meie der allinnich jongeren tusken de 13 en 23 jier yn de keet sitte. Ek binne grutte foarrieden drank ferbean en moat oan brânfeilichheidsregels foldien wurde.

Wethâlder Kanselaar wol dat de oare fjouwer gemeenten yn de nije Súdwesthoekegemeente de oanpak oernimme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)