ROF: webside oer ûngelokken

25 nov 2009 - 22:07

Ferkearsslachtoffers moatte op ynternet ynformaasje fine kinne oer it ûngelok dêr't se by belutsen wiene. Dat fynt it Regionaal Orgaan Verkeersveiligheid Fryslân (ROF). De ynformaasje soe de ôfhanneling mei de fersekering makliker meitsje moatte en soe ek bydrage kinne oan de ferwurking.

It ROF wol dat op de webside ûnder oare plysjerapporten en medyske ferslaggen komme. It foarstel is tongersdei fia de PvdA ynbrocht by de Twadde Keamer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)