Fryske studintes de moaiste?

Der binne twa Friezinnen yn de race foar de titel moaiste studinte fan it jier. It giet om Nynke Abma út Snits en Sanne Rabenberg út Ljouwert. De ferkiezing wurdt organisearre troch de webside Studenten.nl tegearre mei in modelleburo.
De twa Friezinnen hearre by 15 kandidaten dy't kâns meitsje op in plakje op in kalinder. Publyk kin fia de webside bepale hokker tolve studintes dat wurde.