FNP: earder help by skulden

25 nov 2009 - 20:59

De FNP yn Dongeradiel fynt dat de gemeente yngripe moat by de wachttiden foar skuldhelpferliening. Op dit stuit moat sa'n trije moannen wachte wurde foardat de gemeente ynwenners helpt by har finansjele problemen. De FNP wol dat dy wachttiid net langer as seis wiken is.

Neffens de partij sille minsken earder by de gemeente oanklopje as se witte dat se op koarte termyn holpen wurde. De FNP bringt it punt tongersdei yn yn de riedsgearkomste.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)