Fallisemint Boelens skokt FNV

It fallisemint fan Boelens Glas komt foar it fakbûn FNV as in folsleine ferrassing. Tiisdei spruts de rjochtbank dat fallisemint op fersyk fan de direksje út. It fakbûn wie foarôf net op 'e hichte brocht en hat dêrom net meiprate kinnen oer de gefolgen foar it personiel.
It fakbûn wol no wol belutsen wurde by de trochstart dy't in diel fan it bedriuw mooglik makket. Boelens Glas hat ûnder oare in fêstiging yn Ljouwert, dêr't 23 minsken wurkje.