Froulju Hearrenfean nei Snits

25 nov 2009 - 16:09

De froulju fan de Sportklup Hearrenfean spylje tongersdeitejûn de kompetysjewedstriid tsjin AZ op it keunstgers fan sneinshaadklasser Snits Wyt Swart. De wedstriid tusken de Feanster froulju en twafâldich lânskampioen AZ soe earst yn it Abe Lenstra stadion spile wurde. De gersmatte yn it stadion lit dat net ta. Ek it fjild op Sportpark Skoatterwâld is gjin alternatyf.

Op it keunstgers yn Snits begjint de wedstriid om 19.00 oere.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)