Biltse kultuerpriis bekend

Kirsten Zwijnenburg
Kirsten Zwijnenburg fan Aldebiltsyl krijt dit jier de Biltse Kultuerpriis. Se is ûnder oare de motor achter in iepen atelierrûte. Se wie ek seis jier lid fan de kulturele rie fan it Bilt en hjoeddedei is se benammen aktyf yn de Aarden Plaats, it kultuerhistoarysk sintrum yn Aldebiltsyl. Se is sels keunstner en wennet sûnt 20 jier op it Bilt.
De 'Bildtse Kultuurpriis' wurdt Kirsten Zwijnenburg nije wike tongersdei útrikt.