Vikingring yn Frysk Museum
It Frysk Museum hat de Vikingring kocht dy't begjin dit jier fûn waard. De ring is tûzen jier âld. Henk Batstra fan De Lemmer helle de ring út de grûn yn Gaasterlân.
It wie foar it earst dat sa'n sieraad fûn is yn Fryslân. Om't it in frij geef eksimplaar is, hiene in soad musea belangstelling foar de ring. It Frysk Museum hat de ring kocht mei stipe fan stifting Wâldsein.