Plysje warskôget foar fraude

De plysje warskôget bedriuwen foar pinpasfraude. Se ha woansdei by ferskate Fryske bedriuwen west om der oer te praten. Der wurdt hieltyd faker knoeid mei pinautomaten.
Ferline jier wiene der sa'n 100 gefallen mei pinpasfraude yn Fryslân, dit jier is it al tsientallen kearen faker bard. Oant no ta binne sân Roemenen oppakt foar pinpasfraude. Der wurdt jierliks foar miljoenen euro's pind troch de fraudeurs.