Marianne Vos nei Surhústerfean

Wrâldkampioene Marianne Vos
Marianne Vos is op woansdei 13 jannewaris de grutte stjer by de sechstjinde edysje fan de Sintrumcross yn Surhústerfean. De regearend wrâld- en europeesk kampioene hat yn âld-wrâldkampioene Daphny van den Brand in grutte konkurrinte.
Yn 2004 ried de doe 16-jierrige Vos ek yn Surhústerfean. Se wûn en dat die se letter noch folle faker. Yn totaal hat Marianne Vos alve Nederlânske, fjouwer Europeeske, fiif Wrâld en ien Olympyske titel.