Medalje foar Jason Kuijpers

24 nov 2009 - 20:39

De 35-jierrige Jason Kuijpers út Twizelerheide hat tiisdei in ûnderskieding krige om't er syn buorman rêden hat.

Kuijpers helle op 10 april 2009 de buorman, de 53-jierrige Hendrik Dijkstra, út in brânende wenning. Hy brocht dêrby himsels ek yn gefaar. Kuijpers krige út hannen fan boargemaster Van der Zwan fan Achtkarspelen de brûnzen Carnegie medalje foar syn heldedie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)