Natuerlik peilbehear posityf

Natuerlik peilbehear docht fertuten foar de wetterkwaliteit en de natuerwearden yn Fryslân. Dat is de konklúzje fan in ûnôfhinklik ûndersyk fan buro DHV. Mei natuerlik peilbehear stiet it wetter yn de maitiid wat heger en simmerdeis sakket it wat. Soks smyt ek besparrings op foar it ûnderhâld fan de wâlskanten. Dat lit wetterskip Fryslân witte.
Natuerlik peilbehear mei lykwols gjin beheinings foar de skipfeart opsmite en gjin gefaar foar de feilichheid.