Ferbod Crone komst supporters

Go Ahead-supporters net wolkom yn Ljouwert
Boargemaster Ferd Crone hat de komst fan supporters fan Go Ahead Eagles op 4 desimber nei Ljouwert ferbean. Neffens Crone hat de plysje bertroubere ynformaasje dat de supporters fan Go Ahead en Cambuur in konfrontaasje tariede.
De kâns is grut dat dat út de hân rinne sil. De beide supportersgroepen binne al jierren grutte rivalen. Bussen mei Cambuursupporters binne op 16 oktober bekûgele troch supporters út Deventer.