Drachtsterbrêge wer frij
Ferkear kin wer oer de Drachtsterbrêge by Ljouwert. Troch in steuring wie de brêge iepen stean bleaun. Dat soarge foar files oan beide kanten fan de brêge.
Ek yn Goutum kaam it ferkear fêst te sitten. Om kertier oer fjouweren wie de steuring ferholpen.