Spoar Drachten ûnder druk

24 nov 2009 - 14:45

Yn Smellingerlân is grut ferset tsjin it ferheegjen fan de gemeentlike belesting om dêrmei in spoarline by Drachten te beteljen. Tiisdei sil de gemeenteried dêr in beslút oer nimme.

Smellingerlân moat goed 24 miljoen euro bydrage oan it nije spoar. B&W wolle dat opbringe troch de OZB, de ûnreplik saakbelesting mei 20 persint te ferheegjen. MKB-Noord, VNO-NCW-Noord en LTO-Noord fine dat foarstel ûnakseptabel. De polityk soe dêrmei in ferkeard sinjaal ôfjaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)