Koster listlûker CDA-Ljouwert

Thea Koster
De 30-jierrige Thea Koster wurdt de listlûker foar it CDA yn Ljouwert by de gemeenteriedsferkiezings fan takom jier. Se is ek de kandidaat foar it wethâlderskip. Koster is op dit stuit foarsitter fan de gemeenteriedsfraksje en wie ek listlûker by de foarige gemeenteriedsferkiezings.
Op it twadde plak stiet riedslid Harry van der Molen. Tred en fjird stean de riedsleden Gea Dames en Cocky den Hollander. Friso Douwstra en Ans van den Berg binne nij op fiif en seis.