Aksjeplan stedsfûgels Snits

De mosk is de bekendste stedsfûgel
Op inisjatyf fan de gemeenteried komt Snits mei in aksjeplan stedsfûgels. Dêr stean maatregels yn dy't derfoar soargje moatte dat stedsfûgels lykas de mosk it better krije as no. Want fûgels yn de stêd binne goed foar de leefberens, sa stiet yn it plan.
Yn hiel Nederlân rint de fûgelstân yn de stêden werom, ûnder oare trochdat partikuliere tunen hieltyd minder geskikt binne foar wylde fûgels. Mei reedlik ynfâldige maatregels kinne jo faak al in soad dwaan.