Ljouwert krijt miny-sikehûs

Ljouwert krijt der in miny-sikehûs by, oan de Emmakade. Yn it besteande gebou fan de húsdokterspraktyk is romte frij. Inisjatyfnimmer en direkteur Maarten Goedhart wol dêr graach oare soarchferlieners by yn hawwe, bygelyks in psycholooch, in audisiën of in pedikuere. Mooglik wurde der skielk sels lytse, medyske behannelingen dien.
De húsdokterspraktyk is koartlyn begûn mei it finen fan helpferlieners dy't wol nei de Emmakade ferhúzje wolle.