Klimaattop yn Ljouwert

Ljouwert krijt takom jier syn eigen klimaattop. De fraksje fan PAL/GrienLinks tsjinne dêr moandei yn de gemeenteried fan Ljouwert in moasje oer yn. In mearderheid fan de ried stipe de moasje en ek it kolleezje stiet derachter.
Op de Ljouwerter klimaattop moatte ôfspraken makke wurde oer it werombringen fan de útstjit fan broeikasgassen. Dy ôfspraken moatte fêstlein wurde yn in klimaatferklearring.