Bon foar fytsers Midstrjitte

24 nov 2009 - 10:32

Minsken dy't troch de Midstrjitte op 'e Jouwer fytse, gean fan freed ôf fuortdalik op 'e bon. Winkellju en publyk hiene by de plysje klage oer it fytsen yn de drokke winkelstrjitte. Dat soarget geregeld foar gefaarlike situaasjes.

Freedtejûn en sneon hat de plysje al kontrolearre sûnder boetes út te dielen. Sneon fytsten hast 170 minsken troch de Midstrjitte, freed wiene dat hast 80. Guon fuotgongers moasten oan de kant springe foar de fytsers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)