Plysje siket mes stekynsidint

De plysje siket nei in mes dat yn de nacht fan sneon op snein brûkt waard by in stekynsidint yn de Boskamp yn Stynsgea. De plysje freget minsken dy't in mes fûn hawwe yn de buert fan de eardere Rabobank-pinautomaat om kontakt op te nimmen. De plysje hellet it mes dan op.
De eventuele finer moat it mes eins net oanreitsje, seit de plysje. It ûndersyk nei it stekynsidint is noch yn folle gong.