Bûsehifkers stelle pinpassen

De plysje warskôget foar bûsehifkers, dy't gebrûk meitsje fan in metoade dy't op oare plakken yn it lân al in soad brûkt wurdt. Dit wykein waarden minsken yn supermerken yn Sint Anne en Harns it slachtoffer fan dy metoade.
By de kassa sjogge de dieven mei by it yntoetsen fan in pinkoade. Bûten waarden de slachtoffers oansprutsen. Ien fan de dieders die yngewikkeld mei in rûtekaart, in oar helle de pinpas út de tas. Letter waard mei dy pas jild opnommen.