Wadman fûn himsels mislearre

24 nov 2009 - 09:46

De ferneamde Fryske skriuwer Anne Wadman fûn himsels as skriuwer mislearre omdat er sawol Frysk as Nederlânsk wêze woe. Dat is ien fan de konklúzjes fan de biografyske stúdzje fan Joke Corporaal dêr't se begjin kommende moanne op promovearret oan de Ryksuniversiteit Grins.

Wadman libbe fan 1919 oant 1997 en woe bûten Fryslân as in ambassadeur fan de Fryske literatuer oan 'e slach. Mar ek binnen de Fryske literatuer hie er in missy.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)