Unôfhinklike analyze JSF

24 nov 2009 - 07:21

Der komt in ûnôfhinklike analyze fan alle gegevens oer de lûdoerlêst fan de opfolger fan de F16: de JSF of de Saab Grippen. Dat hawwe hast alle dielnimmers oan de kommisje lûdshinder besletten. Yn de kommisje sitte omwenners, oerheden en fertsjintwurdigers fan 'e fleanbasis.

De analyze moat dúdlik meitsje wat krekt de gefolgen binne fan in nij gefjochtsfleantúch. No is it in hiel technyske diskusje dy't in soad minsken net begripe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)