Noarden proeftún CO2-opslach

It noarden is tige geskikt foar de opslach fan CO2, seit minister Van der Hoeven
Noard-Nederlân moat de grutste proeftún wurde foar de opslach fan CO2 yn de grûn. Dat wolle de ministers Cramer fan Miljeu en Van der Hoeven fan Ekonomyske Saken. Fan 2015 ôf wurdt broeikasgas opslein yn lege ierdgasfjilden. De ministers fine it Noarden dêr geskikt foar omdat hjir in soad lege gasfjilden binne.
It is noch net dúdlik wêr't de CO2-opslach yn it Noarden krekt komt. Earst moat ûndersocht wurde hokker lokaasjes it meast geskikt binne.