CDA: gjin hege ozb foar spoar

It CDA yn Smellingerlân is tsjin it ferheegjen fan de ûnrepliksaak- belesting mei 20 prosint om sa genôch jild stekke te kinnen yn de oanlis fan in nije spoarline fan It Hearrenfean nei Grinslân ta. Drachten komt sa oan it spoar te lizzen.
Dat wol it CDA graach, mar de bydrage fan de gemeente fan 24 miljoen euro fynt de partij te heech. Foarearst soe in bydrage fan 8,3 miljoen euro genôch wêze moatte. De gemeenteried praat tiisdei oer de saak.