Breed hoarekaferbod Snits

Minsken dy't har faak misdrage yn hoarekasaken yn Snits kinne fan tongersdei ôf in kollektive hoarekaûntsizzing krije. Se meie der dan net mear yn by alle 24 restaurants, kafees en diskoteken dy't meidogge oan it projekt.
De hoareka yn Snits hat mei plysje en justysje ôfspraken makke oer de nije maatregel om útgeansgeweld en oerlêst hurd oan te pakken. Klanten dy't foar problemen soargje, komme op in list te stean.