Landal: 2 nije fakânsjeparken

23 nov 2009 - 17:39

Landal GreenParks wol twa nije fakânsjeparken bouwe yn Fryslân. Dat hat it fakânsjeparkbedriuw moandei bekend makke. By Terherne moatte 31 lúkse frijsteande filla's komme.

Oan de Snitsermar wol Landal in park bouwe mei 68 lúkse wetterfilla's. Landal hat op dit stuit yn Fryslân fakânsjeparken op It Amelân, Skiermûntseach, Skylge en yn Esonstêd by de Lauwersmar yn Dongeradiel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)