Soad Friezen mei jildpine

De GKB krijt alle jierren in pear tûzen nije klanten
Hieltyd mear Friezen reitsje yn finansjele problemen en kinne harren rekkens dêrtroch net mear betelje. By guon rint dat sa bot út de hân dat se help nedich hawwe fan de skuldhelpferliening fan 'e GKB. Neffens direkteur Jaarsma fan de GKB rint dat op it stuit út de hân.
It tal klanten is yn ien jier mei 25 persint ta naam ta 2000 it jier. Om de drokte oan te kinnen hat Jaarsma ekstra minsken ynhierd. De GKB hat no hûndert minsken yn tsjinst.