Grutte Pier krijt eigen game

23 nov 2009 - 15:41

In nij kompjûterspultsje moat derfoar soargje dat Grutte Pier ek ferneamd wurdt yn de rest fan Europa en yn Amearika. It Ljouwerter bedriuw Triangle Studios is dwaande it ferhaal fan Pier Donia fan Kimswert te ferwurkjen yn in avontoerespultsje foar de Playstation.

Yn it spultsje rinne jo as Grutte Pier troch in trijedimensjonale kopy fan ûnder oare it 16e ieuske Snits en Kimswert. It sil noch wol even duorje foardat it spultsje ôf is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)