Lânmjitte mei satellyt djoer

23 nov 2009 - 14:33

In nije wize fan lânmjitten kin djoer útpakke foar boeren. Omdat der minder lân metten wurdt, rinne se hûnderten oant tûzenen euro's oan subsydzje mis.

Ien fan 'e slachtoffers is boer Bootsma fan Tsjom. Troch de nije mjitmetoade mist er trije bunder grûn. Eartiids waard it lân opmetten oan de hân fan GPS. No wurde satellytfoto's brûkt. As op it lân trekkers stean of it skaad fan in beam te sjen is telt it net as lân en komt it net yn oanmerking foar subsydzje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)