Soargen oer wet berne-opfang

23 nov 2009 - 14:28

Alders meitsje har soargen oer de nije wet berne-opfang. Fan 1 jannewaris ôf moatte gastâlders mear diploma's en sertifikaten hawwe. In soad gastâlders hâlde dêrom op. Boppedat wurdt berneopfang djoerder.

Op it plattelân soene 4 fan de 10 gastâlders fan doel wêze om op te hâlden mei it opheinen fan bern. It foldwaan oan de easken falt foar guon gastâlders net ta. Ek gastâlders dy't it wurk al lang dogge, moatte neffens de wet oan strangere regels foldwaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)