'Boerelibben net romantysk'

Miljoenen minsken sjogge alle sneintejûnen nei Boer zoekt vrouw. De sjoggers smulle fan de leafdesferhalen en it prachtige boerelibben. Mar yn werklikheid is der hielendal neat romantysk oan it boerelibben, fynt in stel froulju fan Wergea.
Sy ha de website Vrouw van Boer yn it libben roppen; in soarte fan foarum dêr't boerinnen harren aai kwyt kinne oer it bytiden swiere boerelibben. In soad boeren ha it krap yn dizze tiid en de boerinnen fernimme dat ek.