Sybren Jansma nei Vancouver

22 nov 2009 - 20:25

Sybren Jansma hat as lid fan de Nederlânse fjouwermansbob in Olympysk startbewiis helle. By de wrâldbekerwedstriden yn Lake Placid einige de bob fan stjoerman Edwin van Calker, Sybren Jansma, Arnold van Calker en Timothy Beck as sechsde. In plak by de earste tsien wie genôch om foarmbehâld sjen te litten.

Yn de twamansbob moatte Edwin van Calker en Sybren Jansma Olympyske dielname by de Europese wrâldbekerwedstriden ôftwinge.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)