Nitraatbommen fûn yn Ljouwert

(Argyffoto)
De plysje hat sneontemiddei twa Ljouwerters fan 47 en 16 jier oanhâlden, omdat se yllegaal fjoerwurk by har hiene. Yn de wente oan de Robinsonstrjitte fûn de plysje 33 nitraatbommen.
Doe't de plysje fierder socht, fûnen se yn de skuorre efter it hûs ek noch in himpkwekerij mei 175 planten. Ek tapten de Ljouwerters op in yllegale wize stroom fan it net ôf. De plysje wie de beide fertochten op it spoar kommen troch in anonime tipjouwer.